Soargen by âlden om lesútfal op middelbere skoallen

06 des 2018 - 20:21

Middelbere skoallen yn Fryslân moatte faker learlingen nei hûs stjoere, omdat der gjin leararen beskikber binne. By eksakte fakken wurdt it tekoart oan leararen hieltyd grutter. Lessen falle mear út en âlden meitsje harren soargen.

Joop Osinga fan Drylts hat in soan yn it eksamenjier fan vmbo-grien op it Nordwin College. Benammen it fak Natuer- en skiekunde, NASK, foel in soad út. De skoalle jout ta dat se dreech leararen fine kinne foar de eksakte fakken. Der is in grut tekoart oan leararen mei in diploma en dat fine âlden in probleem.

Joop Osinga fan Drylts

Ek by CSG Bogerman yn Snits binne problemen. Dêr telden âlden 21 en sels 28 lesoeren dy't útfoelen by de havo yn dit skoaljier. As in learaar langere tiid siik is, wurdt it hast ûnmooglik om dy te ferfangen, jout rektor Jan Osinga fan de skoalle ta. De ûnderwiisynspeksje hat dêr woansdei - by in reguliere ynspeksje - mei de skoalle oer praat.

Rektor Jan Osinga fan CSG Bogerman yn Snits

Lessen mei mingde fakken en meardere dosinten foar de selde klasse soe in oplossing wêze kinne. En it tastean fan leararen dy't noch gjin diploma ha. It leararefak moat ek wer oantreklik wurde, fynt direkteur Jaap van der Heide fan it Nordwin College.

(advertinsje)