Sulveren biskopsmunt opgroeven by stedhûs fan Boalsert

By it stedhûs fan Boalsert is nei archeologyske opgravingen resintlik in bysûndere munt fûn. It giet om in sulveren biskopsmunt, dy't nei alle gedachten út de tolfde iuw komt.
© Gemeente Súdwest-Fryslân
Hokker biskop yn dy tiid opdracht jûn hat foar it slaan fan de munt, is noch ûndúdlik. It slaan fan munten wie yn de midsiuwen faaks allinne foarbehâlden oan keningen en hege funksjonarissen.

Tûzen jier âld

De ûndersikers hawwe no twa wiken dwaande west yn Boalsert. De âldste spoaren binne sa'n tûzen jier âld. "De oudste vondst tot nu toe komt uit de 10de eeuw, zogenaamd Pingsdorf aardewerk", fertelt archeolooch Yvonne Boonstra.
De biskopsmunt út, nei alle gedachten, de tolfde iuw. © Gemeente Súdwest-Fryslân
Ek de kommende tiid wurdt der noch archeologysk ûndersyk dien efter it stedhûs. De ûndersikers binne neffens har no dwaande oan 'e râne fan ien fan de trije terpen, dêr't Boalsert ea op boud is.