Keninklike ûnderskieding foar Jo Geveke fan It Hearrenfean

06 des 2018 - 19:04

Jogchum Hartwig (Jo) Geveke hat tongersdeitemiddei in keninklike ûnderskieding krigen. Hy is no lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan gemeente Hearrenfean hat de ûnderskieding útrikt yn de riedseal fan it gemeentehûs.

Lintsje - Foto: ANP

Geveke wie acht jier lang kommisjelid en adviseur fan it bestjoer fan de Heerenveense Ondernemers Vereniging. Dêrneist wie er ponghâlder fan Odd Fellows Johan Willem Friso-loge en frijwilliger en foarsitter fan de stifting Werkgroep Oud Heerenveen.

(advertinsje)