Komt Oele Plop mei 'Ik wie smoar' op nûmer ien yn de Fryske top 100?

Litte we sizze dat hy in hiel bysûndere plaat útbrocht hat dit jier. En no wurdt der manmachtich reklame foar him makke op sosjale media. Troch ûnder oaren in goeie freon fan him: Emiel Stoffers fan De Hûnekop. We ha it oer de single 'Ik wie smoar" fan Oele Plop, oftewol Lieuwe Paulusma.
Oele Plop
Paulusma hat eins noch nea earder wat mei muzyk dien, mar doe't hy it nûmer 'Because I got high' fan Afroman hearde, seach hy der wol wat yn. "Ik siet yn myn loads, potsje bier derby en doe hearde ik dat nûmer yn it Ingelsk. It giet oer blowerij en wit ik wat. Ik tink, dat dogge wy net yn Fryslân. Of lit ik it sa sizze, ik net teminsten. Dêr fyn ik neat oan, dus dat moat even oer bier gean. Doe wie ien plus ien gau twa."
Wylst Emiel yn Australië siet, stjoerde Oele him in appke mei syn idee. Emiel: "Doe sei ik, hjir ha we goud yn hannen! Ik wist it gelyk." It nûmer giet dus oer 'it giele goud' en wurdt benammen yn sûpketen in protte draaid.

"Dikke hit"

No wolle de beide hearen 'Ik wie smoar' op nûmer ien yn de Fryske Top 100 krije en dêrom ha se in reklamekampanje op sosjale media opset. Harren kânsen skatte se heech yn. "Hûndert prosint! Wy gean foar de nûmer ien, hûndert prosint. It kin dochs net misse wol", seit Oele. "Dy bagger dy't der elk jier wer yn stiet. Der stiet noait ris wat fatsoenliks yn dy hiele Top 100", stelt Emiel. "Wy ha hjir in dikke hit!"
Op Aldjiersdei stjoert Omrop Fryslân de Fryske top 100 út, tusken 13.00 oere middeis en 24.00 oere.