IIshockeyhal op It Hearrenfean moat fuortendaliks ticht; klap foar UNIS Flyers

De iishockeyhal fan It Hearrenfean is op befel fan boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean sletten. De konstruksje fan de hal is te gefaarlik om him langer iepen te hâlden. Op in parsekonferinsje tongersdeitejûn fertelde de gemeente Hearrenfean dat der earst spesjalistysk ûndersyk komme moat. Oant dy tiid kin de hal net brûkt wurde.
Boargemaster Tjeerd van der Zwan
It sluten fan de hal is in grutte klap foar de iishockeyers fan de UNIS Flyers, dy't harren thúswedstriden dêr hâlde en dêr ek traine. Neffens foarsitter Henk Hoekstra wurdt foar de training earst útwykt nei Ljouwert. De earste thúswedstriid is pas oer oardel wike. Wat dêrmei bart, wurdt noch besjoen.
Flyers-foarsitter Henk Hoekstra

Ferâldere hal oanpakke

De iishockeyhal is yn 2006 foar it lêst ferboud. By de renovaasje fan Thialf in pear jier lyn is de hal net meinommen. Der besteane al langer plannen om de ferâldere hal ek oan te pakken. Dy ferbouwing soe mooglik yn 2020 begjinne.
De iishockeyhal is eigendom fan de gemeente Hearrenfean. It ûnderhâld is yn hannen fan Thialf.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer leit út wat der oan de hân is
© Omrop Fryslân, Onno Falkena