Krystmerk Harns giet oer fanwege minne waarsfoarsizzing

De Zoutsloter Kerstmarkt yn Harns giet no sneon net troch. De waarsferwachting is te min, meldt de organisaasje. Dy hat mei waarman Piet Paulusma oerlein. Foar sneon wurdt in wynkrêft sân mei útsjitters nei krêft acht of njoggen ferwachte. En der wurde stevige buien foarsein. Foar de organisaasje fan de Harnzer krystmerk is dy kombinaasje in feilichheidssrisiko.
© Omrop Fryslân
"Wij geven voorrang aan de veiligheid van handelaren, inwoners, bezoekers en andere betrokkenen en hebben na goed overleg met weerman Piet Paulusma en het raadplegen van meerdere weersites het besluit genomen om de Zoutsloter Kerstmarkt te cancelen", seit de organisaasje.
Besikers fan krystmerken oardielen jannewaris 2017 dat de Zoutsloter Krystmerk yn Harns ien fan de bêsten fan Europa is. Yn in ferkiezing einige Harns op it fjirde plak, noch foar ferneamde krystmerken as Deventer, Düsseldorf en Maastricht.