Earste keunstwurk Sense of Place stiet: "Kostte meer energie dan verwacht"

06 des 2018 - 17:18

It earste byld fan Sense of Place stiet. Tongersdeitemoarn waard 'Wachten op Hoog water' fan keunstner Jan Ketelaar pleatst op de seedyk by Holwert. Dat hat in soad enerzjy en tiid koste. Net allinnich fan Ketelaar, mar ek fan Joop Mulder fan Sense of Place. "Meer dan ik van tevoren had verwacht", sei de oprjochter fan Oerol.

Dat it sa lang duorre, hie ûnder oare te krijen mei de fergunningen. Wetterskip Fryslân wol eins neat op de dyk ha, fanwege de feiligens. Mulder: "De eerste keer dat ik losliet dat ik het op de dijk wilde hebben, zeiden ze: dat gaat 'm niet worden. Het is natuurlijk ook tegen alle regels in."

Mear oandacht foar de dyk

Uteinlik koe it dus dochs: "Heel lang hebben ze lopen onderzoeken wat wel kan en wat niet." Tongersdei wie it lang om let sa fier dat it earste byld teplak set waard. "Het kostte meer energie dan ik van tevoren had ingeschat", sei Mulder. "Maar het is 'omdenken': juist door dit soort dingen te doen, geven we veel meer aandacht aan de werkelijkheid van Nederland. Hierdoor gaan mensen zich nog beter realiseren wat voor waarde de dijk heeft."

Der binne noch folle mear plannen foar keunstwurken lâns de Waadseekust. Yn Fryslân giet it ûnder oare om de Terp fan de Takomst by Blije en it waadswimbad by Wierum.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Joop Mulder fan Sense of Place

'Wachten op hoog water' bestiet eins út twa bylden. De earste frou is tongersdei pleatst, it twadde komt takom jier. Yn 2010 is Ketelaar begûn mei it wurkje oan de keunstwurken. "No is alles goed hear. Mar der hat safolle gedoch west. Mar hertklachten en allegear geseik."

De lêste trije jier hat Ketelaar seis dagen yn de wike oan it wurk west. "Trochbeuke eins. Mei wille hear, dat wol."

Keunstner Jan Ketelaar

(advertinsje)