Restauraasje mûnen yn Peazens en Holwert set útein

06 des 2018 - 17:07

Yn Noard-Fryslân begjint stifting de Fryske Mole dizze wike mei de restauraasje fan twa monumintale mûnen. It giet om De Hond yn Peazens en De Miedemûne yn Holwert. By it werstelwurk wurde ûnder mear de reiden kappen en dielen fan de fjilden op 'e nij dutsen. Underdielen dy't oantaast binne troch betonrot en houtrot wurde ferfongen en wersteld.

De Miedemûne - Foto: Wikimedia Commons

Stifting de Fryske Mole ynvestearret 330.000 euro yn de restauraasje fan beide mûnen. Derfoar ûntfong de stifting stipe fan it Ministerie van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap fia it Molenfonds en in ton fan de Provinsje Fryslân.

Der wurdt fan desimber oant en mei de simmer fan 2019 oan de mûnen wurke.

(advertinsje)
(advertinsje)