Problemen troch bus mei gasflessen yn Frjentsjer binne foarby

06 des 2018 - 16:36

De problemen troch de bus dy't him tongersdeitemoarn klem ried ûnder in fiadukt yn Frjentsjer binne foarby.

Troch de klap foelen in tal grutte gasflessen fan it dak fan de bus. Omdat der dêrtroch ûntploffingsgefaar wie, waard de omjouwing ôfset troch de brânwacht. Dy brânwacht hat de gasflessen kontrolearre leechrinne litten.

Dêrnei binne se, krekt as de bus, ophelle troch ferfiersmaatskippij Arriva. It fiadukt is dêrnei wer frijjûn.

Yn de bus sieten gjin passazjiers, de sjauffeur rekke net ferwûne. Dy sjauffeur hat him nei alle gedachten fersind yn de rûte.

(advertinsje)