Hurdegarypsters yn it sintsje fanwege 'heldhaftige' rêdingsaksje

Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel hat tongersdeitemiddei twa ynwenners fan Hurdegaryp yn it sintsje set fanwege harren 'heldhaftich optreden' op 11 maaie fan dit jier. Op dy dei rekke Gosse Hiemstra (74) fan Feanwâldsterwâl mei scootmobyl en al flak by syn wenplak yn 'e sleat. Douwe de Bruin (55) en Gérard Kroese (81) fan Hurdegaryp sprongen fuortendaliks yn de sleat en holden Hiemstra - dy't noch yn syn scootmobyl siet - mei de holle boppe wetter oant de brânwacht him út it wetter helle.
De Bruin, boargemaster Gebben, Kroese en yn de rolstoel Hiemstra © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Douwe de Bruin oer de rêdingsaksje
It is oan it optreden fan de Hurdegarypsters te tankjen dat Hiemstra it ûngelok oerlibbe en dêrom krigen se tongersdei in oarkonde fan de Maatschappij tot redding van drenkelingen.
De scootmobyl hat it aventoer yn it wetter net oerlibbe, mar Hiemstra hat al wer in nijen ien. "Waar of gjin waar, ik moat der alle dagen even op út."
Hij bleef rustig. Geweldige man.
Rêder Gérard Kroese oer Gosse Hiemstra
Gérard Kroese oer de rêdingsaksje
Hiemstra hat gjin neidielige gefolgen oerhâlden oan it ûngelok yn maaie. Hy fynt it moai en folslein terjochte dat syn rêders tongersdei yn it sintsje set wurde. Gérard Kroese, de twadde rêder, hie wer wurdearjende wurden foar Hiemstra. "Het eendenkroos zat op zijn hoofd, maar hij bleef rustig. Geweldige man."
It duorre al mei al wol in kertier ear't de brânwacht de trije manlju en de scootmobyl út de sleat helle. Omdat de wâlskanten op dat plak bot steil binne, wie it net mooglik foar de rêders om Hiemstra mei syn scootmobyl sels op de wâl te setten.
De scootmobyl oerlibbe it ferbliuw yn de sleat net, fertelt Gosse Hiemstra