Dochs proef mei rappe trein tusken Ljouwert en Rânestêd

06 des 2018 - 16:25

Fryslân krijt dochs in proef mei in fluggere ferbining tusken Ljouwert en de Rânestêd. De proef soe earst oan Fryslân foarby gean, mar deputearre Johannes Kramer hat him der tegearre mei de gemeente Ljouwert hurd foar makke dat de proef ek hjir hâlden wurdt.

Treinperron yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Deputearre Johannes Kramer oer it trochgean fan de proef

Yn in oerlis mei NS-direkteur Roger van Boxtel hat Kramer tongersdeitemoarn de tasizzing krigen dat ek Fryslân, lykas Grinslân, yn de proef meinaam wurdt. Dan wurdt ûnder oare sjoen oft de ynfrastruktuer him lient foar in rappe ferbining. De details wurde op 18 jannewaris bepraat oan de saneamde spoartafel, wêrby't NS, ProRail, it Ryk en de provinsje oanskowe.

Der wurdt al jierren praat oer it ferbetterjen fan de spoarferbining tusken it Noarden en de Rânestêd. Earder dize wike spruts de Twadde Keamer út dat de reistiid mei in heal oere nei ûnderen moat. Mei dizze proef wolle de belutsen partijen útfine oft dat slagget. De trein rydt dan direkt fan stasjon Amsterdam nei Ljouwert en slacht guon stasjons oer. De trein rydt ek hurder, 160 kilometer yn stee fan 140 kilometer yn 'e oere.

Der ride no fjouwer treinen yn 'e oere op en del tusken Ljouwert en de Rânestêd. Ien fan dy treinen, oan it begjin of ein fan de dei, soe dan in rappe trein wurde kinne. Deputearre Kramer wie earder net te sprekken doe't bekend waard dat NS allinnich in proef hâlde woe tusken de Rânestêd en Grins.

(advertinsje)