Sikehûs en MBO-skoalle wurkje gear om soarchpersoniel better op te lieden

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten en MBO-skoalle Friese Poort wolle noch mear gearwurkje. Beide organisaasje wolle sa ynspylje op de gruttere fraach nei goed oplaat personiel yn de soarch.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It sikehûs en de skoalle wolle de kombinaasje fan leare en wurkje yn de praktyk ek mooglik meitsje foar it folwoeksene-ûnderwiis. Se ha der tongersdei in oerienkomst oer ûndertekene.
Friese Poort en Nij Smellinghe wolle ûnder oare ûndersykje hoe't se ynfolling jaan kinne oan it learen op lokaasje. Studinten leare it bêste yn in omjouwing dêr't leare en wurkje direkt oan elkoar ferbûn binne, is de gedachte. Troch de gearwurking kin it ûnderwiis ek better oanslute op de feroarings yn de soarch en op de arbeidsmerk.