Jildboete easke tsjin SC Twizel yn dug-outdrama

06 des 2018 - 15:06

Justysje hat tongersdei in jildboete fan 10.000 euro easke yn de rjochtsaak oer it drama mei de dug-out by SC Twizel. Fan de jildboete is de helte ûnder betingst, mei in proeftiid fan twa jier. By it drama yn 2014 kaam de 10-jierrige Yrsa de Bruin om it libben en rekken fiif oare bern ferwûne.

De dug-out, dy't by de hjerststoarm in jier dêrfoar grutte skea oprûn, stoarte yn. Dat wie op 21 maaie 2014, doe't hûnderten bern meidiene oan in skoalletoernoai op de fjilden fan de sportklup.

De útspraak yn de saak is op 20 desimber.

Neffens de offisier fan justysje is SC Twizel skuldich en kin dea troch skuld bewiisd wurde. "De club heeft een fout gemaakt door geen maatregelen te nemen. SC Twijzel is aanmerkelijk onvoorzichtig, onachtzaam en nalatig geweest."

Parse-offisier Sierd Eijsenga

"Je kinne net sizze dat de feriening dikke stekken falle litten hat", seit Tjalling van der Goot. Hy is de advokaat fan de klup. "De klup hat de dug-out ynspektearre. Je kinne net oars fêststelle dat se as frijwilligers dien ha wat se doe tochten dat goed wie."

Advokaat fan SC Twizel, Tjalling van der Goot

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust wie by de saak en die ferslach yn ús liveblog.

Trefwurden: 
rjochtsaak dug-out SC Twizel
(advertinsje)