Froulju fan Fryslân: Jildou, studint technyk út Eastermar

06 des 2018 - 14:44

Der steane hiel wat stânbylden yn Fryslân, mar wol folle mear fan manlju as fan froulju. Tiid foar in ynhelslach! Yn it programma Froulju fan Fryslân, tongersdeis om 17.45 oere op TV, wurdt der socht nei seis froulju dy't wichtich binne foar de Fryske mienskip op watfoar manier dan ek. Ien fan dy froulju is studint technyk Jildou (Eastermar).

Yn de ôflevering fan 6 desimber is it safier: de bylden binne klear en kinne yn it Amelius van Oenemapark op It Hearrenfean delsetten wurde. Hoe sil it lykje no't se bûten steane? Jildou (18) is de jongste fan de Froulju fan Fryslân-froulju. Se docht in technyske oplieding en rint staazje by in bedriuw dat spesjalisearre is yn hydraulyk. Presys wat sy aardich fynt. Neffens Jildou soene folle moar famkes in technyske oplieding folgje kinne. By iepen dagen helpt Jildou dan ek altyd mei om famkes oer te streep te lûken.

Wa is Jildou?
Jildou folget in technyske oplieding oan ROC Friese Poort yn Drachten. Se fynt it wichtich dat famkes kieze foar technyk, dêrom jout se faak foarljochting op skoalle. Ek sit Jildou yn it Sinnergy Solar Team fan har skoalle en docht se mei oan Solar-boot races. Se waard nominearre troch har heit en mem.

De nominaasje
Jildou waard nominearre troch har âlders. Sy seine oer har: "Dizze jonge frou sit yn de technyk. Se folget de oplieding Werktuigbouwkunde en wol it foartou nimme om mear froulju yn de technyk te belûken! De technyk is ek foar froulju en net allinnich mar foar manlju en dat is Jildou har motto!"

Wat stiet der op Jildou har boarstbyld?
"Famkes dy't de technyk yn wolle, moatte foaral harren hert folgje en dêr ek de kâns foar krije. Neffens my binne der kânsen genôch."

Fan it maitiid die Omrop Fryslân de oprop om Fryske froulju dy't in stânbyld fertsjinje te nominearjen foar it projekt Froulju fan Fryslân. Ut mear as 200 nominaasjes binne seis froulju keazen dêr't in portret fan makke wurdt yn film en yn de foarm fan in boarstbyld. Froulju fan Fryslân makket diel út fan LF2018. Hokker frou is sa bysûnder, wichtich of ûnmisber dat der fan har in echt boarstbyld fan makke wurde moat? En wêrom? Dat is alle tongersdeis te sjen om 17.45 oere by Omrop Fryslân op TV.

(advertinsje)