Besettingsgraad Abe Lenstra Stadion it leechst yn earedifyzje

It Abe Lenstra Stadion fan SC Hearrenfean sit dit seizoen relatyf it minst fol fan alle stadions yn de earedifyzje. Supporters fan de fuotbalklup ha noch nea yn in útferkocht stadion sitten. De klup hat dit jier 70,4% fan de kaarten ferkocht. Der is plak foar 26.100 minsken yn it stadion, wylst der gemiddeld mar 18.372 supporters sitte.
Lege stuoltsjes yn it Abe Lenstrastadion © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Mei de besettingsgraad stiet SC Hearrenfean dus ûnderoan, mar mei de 18.372 besikers docht Hearrenfean it net min. Der binne mar fjouwer klups dêr't gemiddeld mear minsken nei de thúswedstriden geane.
De thúswedstriden fan Hearrenfean tsjin Ajax (23.315) en Feyenoord (21.700) helpe it gemiddelde wat omheech. De Friezen spylje letter dit seizoen noch thús tsjin koprinner PSV en rivaal FC Grins. Dy wedstriden sille it gemiddelde tal taskôgers fierder omheech bringe. Oant no ta hat SC Hearrenfean sân fan de santjin thúswedstriden hân.

Grins ek leech

Net allinnich by SC Hearrenfean bliuwt it publyk thús, ek it stadion FC Grins sit lang net fol: 76 prosint fan de stuoltsjes is beset. Allinnich it Abe Lenstra Stadion sit dêr noch wer ûnder.

Emmen is koprinner

Supporters fan FC Emmen gean massaal nei it stadion, de Oude Meerdijk, om it debútseizoen fan de klup te sjen. De Drintske klup hat fan alle earedifyzjeklups oant no ta de heechste besettingsgraad. 98,5 persint fan de kaarten is oant no ta ferkocht. Dêr flak efteroan komme de Johan Cruijff ArenA fan Ajax (98,2) en it Rat Verlegh Stadion fan NAC Breda (98,1).