Brêgewippers hoege gjin boaten mear te tellen

06 des 2018 - 13:47

Sensoaren op tal fan plakken yn de provinsje hâlde tenei by hoe grut, hoe rap en hoefolle boaten at der omfarre yn Fryslân. By de Stasjonsbrêge yn Frjentsjer is de ôfrûne tiid in proef dien mei de teller. De provinsje Fryslân is posityf oer de útkomsten en wol op mear plakken dit soarte fan sensors pleatse.

"De sensor werkt net als een winkelbel", seit Feiko Gorter fan KPN ICT Consulting, it bedriuw dat it systeem ûntwikkele hat. "Als je erlangs vaart, gaat er eigenlijk een soort belletje af, in dit geval een infraroodsensor. Dat gebeurt op twee plaatsen vlak naast elkaar en dan weet je hoe lang een schip is en wat de snelheid is." Der sit gjin kamera yn. Der wurdt dus neat fêstlein oer hokker skip der krekt by del komt.

Dat is foar de provinsje fan grut belang, seit Dirk Peereboom. Hy wurket by Provinsjale Wettersteat. "Dit smyt data op dy't folslein anonym is. Je kinne it net werombringe nei in persoan of in skip. Foar dit doel is dat mear as genôch."

Maklik sjen wêr't it drok is

Foar de provinsje is it systeem in útkomst. Se hawwe no fuortendaliks ynsjoch yn wat der bart op it wetter. Dirk Peereboom sjocht in soad mooglikheden: "Fryslân is yn haadsaak in rekreaasjeprovinsje. Sa kinne je witte wêr't it drok is." Krekt dy gegevens binne fan grut belang foar de provinsje, seit Peereboom: "Je witte dan fuort wêr't je ferbetterings oanbringe moatte foar de rekreaasje."

De stasjonsbrêge yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Hânmjittich tellen ferline tiid

It hânmjittich tellen fan skippen troch brêgewippers is mei sa'n systeem ferline tiid. Gorter: "Je krijgt alleen wel een veel beter beeld. Dit systeem telt ook een sloep die onder een brug doorvaart. En met handmatig tellen wordt ook niet de grootte en de snelheid vastgelegd. Dat zijn zaken die we nu allemaal wel weten."

Ek wurde brêgen hieltyd faker op ôfstân oanstjoerd. Yn in sintrale wurde somtiden trije brêgen tagelyk oanstjoerd. Peereboom: "Dan hawwe je eins gjin goed sicht op wat der troch de brêge komt."

Alve plakken yn de provinsje

It systeem kin oeral pleatst wurde, seit Gorter. "Zelf ergens midden op een meer. Het systeem is met een zonnecel makkelijk op te laden." Dat is net nedich, tinkt Peereboom. Der binne neffens him genôch oare plakken dêr't je goed ynsjoch krije kinne yn hoe drok at it is.

De proef by de Stasjonsbrêge yn Frjentsjer wurdt no fierder útwreide. Mei inoar komt der op alve plakken yn de provinsje sa'n systeem te hingjen. De resultaten oant no ta binne goed, seit Peereboom: "Mar we kinne noch gjin konklúzjes lûke, it is pleatst nei it echte farseizoen."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie yn Frjentsjer

(advertinsje)