Europeesk pensjoen útsteld foar Erwin Zeinstra: EK 2020 is opsje

De doar like ticht: assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp soe ôfrûne simmer foar it lêst aktyf west ha op in grut eintoernoai. Mar, de doar stiet wer op in kier. Europeesk fuotbalbûn UEFA hat it team fan Zeinstra frege troch te gean oant en mei it EK yn 2020.
Europeesk pensjoen útsteld foar Erwin Zeinstra: EK 2020 is opsje
Dat is wol in eare foar de Rypster en syn beide kollega's: skiedsrjochter Björn Kuipers en assistint-skiedsrjochter Sander van Roekel. De leeftiid fan Kuipers, 45 jier, wie foarhinne in stroffelstien. Dat hat fuotbalbûn UEFA no oanpast, fertelt Zeinstra.
"Foarhinne wie 45 echt it lêste jier datst ynternasjonaal aktyf wêze koest. Sûnt in pear jier is dy leeftiidsgrins derôf. Doe't Björn de lêste kear by de UEFA wie, is hy mei klam frege om beskikber te wêzen foar it EK 2020. Dêr hat hy posityf op reagearre."
Wol hat Kuipers oanjûn dat hy de oare, jongere Nederlânske skiedsrjochter Danny Makkelie net yn it paad sitte wol. As der út Nederlân wei mar ien skiedsrjochter hinne mei en de kar giet tusken it team fan Kuipers en dat fan Makkelie, mei de Fryske assistinten Mario Diks en Hessel Steegstra, dan sil Kuipers him weromlûke.
Erwin Zeinstra © www.orange-pictures.nl
It wrâldkampioenskip fan ôfrûne simmer soe dus yn earste ynstânsje it lêste toernoai wêze. "Sa hawwe we it ek wol ôfsletten", sa seit Zeinstra. "Mar hielendal ferrast wie ik ek net. Björn is topfit. Hy heart by de fitste skiedsrjochters op it Europeeske nivo." Dochs wie it in moaie opstekker foar Zeinstra: "Ik wie der wol bliid mei. Ik sjoch it wol sitten om der noch in toernoai oan fêst te plakken."
De finale moatte we net as doel sjen. It is in ekstraatsje dat we der binne.
Erwin Zeinstra oer it EK 2020
Op it WK fan 2018 wie de finale it grutte eindoel. Dat hellen se as assistinten fan de Argentynske lieding, mar net selsstannich. Dochs fynt Zeinstra net dat, mochten se útkomme op it EK oer oardel jier, de finale it grutte doel wêze moat: "Eins is dit in toetje. De finale moatte we net as doel sjen. It is in ekstraatsje dat we der binne."