FIDEO: Seleksje fan trijehûndert Fryske hynders yn Drachten

De earste besichtigingen fan jonge Fryske hynsten binne úteinset yn it Frysk Kongres Sintrum yn Drachten. Dêr wurde dizze wike trijehûndert Fryske hynders keurd. Se wurde ûnder oare beoardiele op harren uterlik, wat it eksterieur neamd wurdt. Fierder is it fan belang hoe rjocht de hynders rinne.
Seleksje fan 300 Fryske hynders yn Drachten
Neffens direkteur Ids Hellinga is it evenemint yn Drachten benammen foar fokkers nijsgjirrich. "Sy kinne sjen wêr't de kwaliteit fan de jonge hynsten leit en wat de favorite hynders binne om aanst mei fierder te fokken."