Lang om let koade grien foar wetterstân grutte rivieren

06 des 2018 - 12:40

Nei moannen hat Rykswettersteat tongersdei lang om let 'koade grien' ôfjûn foar de wetterstân op de grutte rivieren. De stân is noch wol leger as normaal yn dizze tiid fan it jier, mar sil de kommende dagen gau tanimme, binne de ferwachtings.

Wetterpeil Rijn by Lobtih - Foto: ANP

Tongersdeitemoarn fierde de Rijn by Lobith 1.300 kubike meter wetter de sekonde ôf en dat is folle mear as moannen oanien it gefal west hat. Rykswettersteat ferwachtet oer in wike in pyk yn de wetterôffier fan de rivieren. Dat betsjut dat der op de Waal, de drokst befearne rivier fan Europa, dan wer in fardjipte is fan goed trije meter. Skippen kinne dus mear lading meinimme.

De Iselmar

No't de rivieren mear wetter ôffiere kinne nei see, sil it sâlt wurden fan swiet wetter yn it westen fan it lân ôfnimme, sa seit Rykswettersteat. It duorret noch moannen foardat it sâltgehalte yn de Iselmar wer op in normaal peil is.

Warskôging

Of de hegere wetterstân oanhâldt, is op grûn fan it feroarjende waarbyld noch net te sizzen. As it yn Dútslân en Switserlân net reinen bliuwt, kin it op 'e nij leechwetter wurde. Rykswettersteat bliuwt skippers op it stuit warskôgjen foar plakken mei leechwetter.

Dit jier stiet de wetterstân yn rivieren ekstreem lange tiid te leech foar binnenfeart. Der stiet sa min wetter yn de Ryn en Waal dat skippen net streamop farre kinne, rjochting de bergen. Sels net mei in leech skip.

(advertinsje)