Opnij oanhâldingen yn grut drugsûndersyk yn Fryslân

De plysje hat op 'e nij twa fertochten oanhâlden yn in grut ûndersyk nei hannel yn himp en XTC yn Fryslân. It giet om in 35-jierrige man út Drylts en in 33-jierrige man út in doarp yn de gemeente Waadhoeke. Earder waarden yn dit ûndersyk al sân fertochten oanhâlden.
© Politie.nl
It ûndersyksteam die op 20 novimber ynfallen yn njoggen wenningen yn Harns en omkriten, mar ek op Skylge en yn Mûnein. Der is beslach lein op in fjoerwapen, kontant jild, administraasje en drugs, wêrûnder ek tsientallen fleskes mei himpoalje. Dizze oalje wurdt sjoen as harddrugs, om't der in soad fan de stof THC yn sit.
In 47-jierrige haadfertochte út Harns is sûnt woansdei ûnder betingsten frijlitten. Yn syn wenning waarden in trochladen pistoal mei munysje, 7.000 XTC-pillen, kokaïne en in himpplantaazje mei mear as hûndert planten fûn. De oare fertochten binne ek frij, mar it ûndersyk giet noch hieltyd fierder.