Friezen jouwe yn djoere desimbermoanne it minste út, Brabanners it measte

06 des 2018 - 12:05

Friezen, Grinslanners en Drinten jouwe mei dizze djoere feestmoanne it minst út fan alle Nederlanners. We joegen yn desimber ferline jier 18 prosint minder jild út as it lanlike gemiddelde. It ferskil mei Brabân is it grutst: dêr joegen se 10 prosint mear út as it lanlike gemiddelde.

Foto: Omrop Fryslân

Dat docht bliken út ûndersyk fan de bank Knab, op basis fan hast 19 miljoen transaksjes by jild- en betelautomaten. Neffens de bank jouwe we tusken Sinteklaas en de krystdagen alle jierren mear jild út. De pyk leit op de lêste sneon foar de krysttiid.

De djoerste moanne fan it jier wurdt folge troch de twa goedkeapste. Yn jannewaris en febrewaris joegen Nederlanners begjin dit jier 12 prosint minder út as gemiddeld.

(advertinsje)