FNP docht yn Grins mei oan protest tsjin gaswinning út lytse fjilden

06 des 2018 - 11:05

In delegaasje fan de FNP sil kommende tongersdei yn de stêd Grins meidwaan oan it protest tsjin de gaswinning út lytse fjilden. De politisy wolle sa stipe jaan oan bewenners en aksjegroepen dy't yn aksje komme tsjin de negative gefolgen fan it winnen fan gas.

Foto: Omrop Fryslan, Timo Jepkema

Oanlieding foar it protest is in rjochtsaak tusken de gemeente Opsterlân en gaswinbedriuw Vermilion oer in proefboarring by Nij Beets, dy't op deselde dei tsjinnet. Neffens de FNP moat der net mear, mar minder gas wûn wurde. Der binne mei sinne-enerzjy, ierdwaarmte en wynmûnen genôch alternativen, sa seit de fraksje.

(advertinsje)