Kollum: "I Amsterdam"

06 des 2018 - 10:21

"Hjir is dyn ferslachjouwer út Amsterdam, de haadstêd fan it lân en tafallich myn wenplak. Hoewol't it lanlik nijs wurden is, sil ik jimme even byprate oer in enoarm belangryk barren yn dizze stêd dizze wike: de letters fan 'I Amsterdam' binne fuort helle. Jacob, miskien kinst hjir noch even wat dramatyske muzyk ûnder sette? Betanke. I Amsterdam wiene meters hege letters, dy't sa'n tsien jier lang yn 'e stêd stien ha, en betocht binne troch in marketingburo. Toeristen giene der graach mei op 'e foto, sa op it Museumplein.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

AT5, in soarte Omrop Fryslân, mar dan allinnich foar Amsterdam, en allinnich telefyzje, stjoerde it fuort heljen fan de letters live út. De ferslachjouwer fan AT5 prate Amsterdam yn 52 minuten troch de hiele eksersysje. Ik ha it net allegearre besjoen, want dat is gewoan té emosjoneel, mar krige al mei dat der yn de kommende wiken minsken fan 'e gemeente mei heskes oan op it plak wêze sille dêr't de letters stiene, om toeristen, dy't fansels kompleet yn 'e war reitsje, te fertellen dat se hielendal foar neat nei Amsterdam kommen binne.

Amsterdam, pearel oan it IJ, dat IJ dat we as Amsterdammers sûnt oardel desennia net mear sjen kinne, om't der in rige hege en alderferskuorrendst djoere flats foar setten is. De stêd dêr't yntusken sokke grutte kloften toeristen op ôfkomme, datst yn 'e simmer it sintrum net iens mear yn komme kinst. Toeristen dy't per Easyjet, Ryanair en al dy oare priisfjochters mei Boeingladingen tagelyk ynflein wurde, op in fleanfjild dat mear as santich miljoen minsken it jier omset. It fleanfjild dêr't omwenners, dochs gau in pear miljoen minsken - want midden yn 'e Randstad - al jierrenlang klage oer it fleantúchlawaai, mar ek it fleanfjild dat troch in wûnder fan de rekkenerij dochs wer útwreidzje mei, om sa noch mear minsken Amsterdam yn te fleanen.

Ik ha neat tsjin rolkoffers hear, want wêrom soest wat drage as it rôlje kin. Ik ha neat tsjin toeristen dy't selfys meitsje, want wêrom soest in moai oansicht op 'e foto sette ast dy'n eigen kop der ek foar hâlde kinst. En ik ha ek neat tsjin toeristen dy't gjin idee ha yn hokker stêd oft se binne, want dat kinst gewoan sjen oan de lettergroep dy't op it Museumplein stie.

En dêrom is it dus jammer dat se fuort helle wurde. No moatte toeristen mar krekt de geastlike fermogens ha om te beseffen dat dat grutte, ikoanyske en prachtige gebou dat altyd op 'e eftergrûn fan 'e I Amsterdam-foto's stiet, it Rijksmuseum is. Sterker noch, datst de gevel op 'e foto setst dêr't letterlik oan 'e oare kant fan 'e stiennen it plak is dêr'tst de Nachtwacht fan Rembrandt sjen kinst.

It wurde swiere tiden foar Amsterdammers. Oeral toeristen dy't freegje wêr't se binne, toeristen dy't gjin idee mear ha wêrom't se einliks kamen en pardoes yn in eksistinsjele krisis reitsje. Wat sykje ik hjir einliks? Fiel ik my thús yn dy ynwikselbere goedkeape grillrestaurants, sûvenirshops mei itselde sweatshirt as oeral en dy universele diskoteken? Mei de kotsplakkaten yn 'e steech neist de yngong?

Der is in ûndernimmer dy't in oplossing betocht hat. Hy wol yn 'e polder by Hoofddorp alle highlights fan Amsterdam neibouwe, sa as de Wallen, wat grachtenpanden en wat tulpeboel, brechjes, coffeeshops, ensafuorthinne. Dy letters fan I Amsterdam kinne der ek wol hinne, tink ik. 'Holland World' moat it hjitte, en ik hoopje dat it der gau komt.

Ik fyn sels dat der meardere Holland Worlds komme moatte. Oer de hiele wrâld, bygelyks yn 'e buert fan Essex, yn it Ruhrgebiet en earne op in handich plak yn Amearika. Sadat dy kotsende, sûpende en kognityf dissonant-wrâldfrjemde typen net mear nei Schiphol hoege te fleanen. Skoppe we AirBnB der hjir út en ha we wer romte foar besikers dy't al witte wêr't se binne. Of sa't in Amsterdammer sei by it opromjen fan I Amsterdam: "Fuck de toeristen, het is een ziekte."

Dit wie Botte Jellema, fanút Amsterdam, sadat jim dêr net hoege te wêzen."

(advertinsje)