Keunstwurk fan Jan Ketelaar stiet te plak op de dyk yn Holwert

06 des 2018 - 09:05

It earste keunstwurk fan Sense of Place is tongersdei lang om let te plak set. It giet om in byld fan Jan Ketelaar, mei de namme 'Wachten op hoog water'. DIt keunstwurk bestiet út twa metalen froulju fan fiif meter heech, dy't oer de see sjogge. It byld stie tongersdeitemoarn noch by stielbedriuw Mannen fan Staal yn Ljouwert, mar waard dêrnei nei Holwert ferfierd.

It byld hong moarns yn de takels boppe in frachtwein en waard klearmakke foar ferfier nei Holwert. Keunstner Jan Ketelaar wie dêrby oanwêzich. Hy liket sprakeleas: "Ik stean mysels by inoar te hâlden. Ik fiel my krekt in robot, as oft it in frjemde dream is."

It hat in tige emosjoneel proses west foar de keunstner en hy hat bot wraksele. "Ik hie nea tocht dat ik dit koe. Foar my hat dit in enoarme prestaasje west. Ik bin hiel bliid en grutsk!"

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Ferslachjouwer Simone Scheffer is by de bylden en de keunstner

De frachtwein mei it byld fan de frou is oankaam yn Holwert. Joop Mulder fan Sense of Place is ek oanwêzich. "Fantastisch. We hebben lang gewacht op het moment dat we het eerste icoon van Sense of Place bovenop de dijk kunnen zetten", seit hy.

"Het beeld is prachtig. Ik ben helemaal in m'n sas", ferfolget Mulder.

Ferslachjouwer Simone Scheffer is yn Holwert

Theunis Bakker fan Mannen van Staal oan it wurd

(advertinsje)
(advertinsje)