Bus mei gasflessen rydt himsels klem ûnder fiadukt yn Frjentsjer

06 des 2018 - 08:31

Yn Frjentsjer hat in bus fan streekferfierder Arriva him fêstriden ûnder in fiadukt yn de Rients Koopmansstrjitte. De bus rydt op ierdgas, en de gasflessen bedarren diels op strjitte.

Ferslachjouwer Timo Jepkema is oanwêzich en fertelt oer de situaasje

De brânwacht sil de flessen feilichstelle. Ut foarsoarch wiene strjitten yn de omjouwing ôfsletten. Der tichtby sit in bernedeiferbliuw. It gebiet is yntusken alwer frijjûn, allinnich it fiadukt is noch ôfsletten. Dêr stiet de bus noch. "De brânwacht is manmachtich útriden, omdat se net wisten om hoefolle flessen it gie en hoe dy der oan ta wiene", fertelt plysjewurdfierder Anne van der Meer.

Plysjewurdfierder Anne van der Meer oan it wurd

Der sieten gjin passazjiers yn de bus. De sjauffeur kaam mei de skrik frij. Neffens it ferfiersbedriuw wie de bus op wei nei in oare lokaasje, om dêr yn te fallen foar in oare bus. In sjauffeur mei dan ôfwike fan de gewoane busrûtes. Yn dit gefal hat de sjauffeur nei alle gedachten by fersin in ferkearde ôfslach naam.

Arriva sil de bus mei grut materieel fuort helje.

Foto: Kappers Media

Ferslachjouwer Timo Jepkema praat mei in omwenner

(advertinsje)