Fryslân krijt 3,9 miljoen euro foar jongereinsoarch

Alle jongereinsoarchregio's yn Nederlân krije de kommende trije jierren miljoenen euro's foar it fernijen en ferbetterjen fan de jongereinhelp. Fryslân is ien fan dy regio's. Alle trije jierren giet der 36 miljoen euro nei de regio's. Yn totaal giet it dus om 108 miljoen euro, dy yn in saneamd Transformaasjefûns sit.
© ANP XTRA
Om oanspraak te meitsjen op de sinten, moasten de regio's in plan meitsje, mei in dúdlike oanpak foar de wachtlisten en in team fan eksperts. De earste 36 miljoen euro wurdt dizze moanne noch oermakke nei de regio's.

Ferantwurdelikens leit by gemeente

Fan 2015 ôf hawwe gemeenten ferantwurdlikens op it mêd fan jongerein. Sûnt dy tiid hawwe se drok dwaande west mei it ynrjochtsjen fan it systeem. "No is it just de tiid fan ynhâldlike ferbettering fan de soarch sels. Hoe wurket it, komst gau te plak, wurdst holpen op skoalle?", seit Hilde Tjeerdema, wethâlder yn Ljouwert en aktyf by Sosjaal Domein Fryslân.
"Wat der op skoalle bart, moat better oanslute op de jongereinhelp dy't gemeenten regelje." Om wachtlisten tsjin te gean, wolle se it trajekt helderder meitsje en de tiid dy't it oanfreegjen fan help kostet, ynkoartsje.
Wethâlder Hilde Tjeerdema oan it wurd
Fryslân krijt as jongereinsoarchregio 3,9 miljoen euro oer trije jier te besteegjen. "Foar dy trije jier hawwe wy in aksjeplan skreaun en dat moat de kommende moannen syn beslach krije", ferfolget Tjeerdema. Nei dy trije jier moatte de jongereinsoarchregio's wer mei de reguliere jildstreamen fierder. It jild dat no beskikber steld wurdt, moat de gewoane gong fan saken in ympuls jaan.