Plysje krijt man by de krage dy't âlde minsken oplichtsje woe

De plysje hat yn Eelde in 71-jierrige oplichter oanhâlden, dy't ek yn Driezum en omkriten besocht hie minsken op te lichtsjen. De man besocht âlde minsken jassen te ferkeapjen.
Plysjepet © Shutterstock.com
Hy die krekt as hiene de minsken in priis wûn en besocht sa om harren hûs binnen te kommen. Sa't it no liket, hat de man yn Noardeast-Fryslân gjin slachtoffers makke. Doe't hy yn Eelde besocht minsken op te lichtsjen, waard hy oanhâlden.