Follybalsters Snits traine mei spesjale bril: "Je traint je ogen"

Traine mei in sinnebril op en dan ek noch better wurde. Follybalster Janieke Popma fan VC Snits docht it. Har klup is de earste follybalferiening yn Nederlân dy't mei de spesjale bril op traint. Mei dy bril op krije spylsters minder fisuele ynformaasje en dêrtroch wurket it brein hurder.
Follybalsters Snits traine mei spesjale bril: "Je traint je ogen" 2
Trainer Paul Oosterhof fan VC Snits kaam it systeem op it spoar. "Toen ik hier kwam, vroeg ik me af hoe we Janieke Popma, die hier al langere tijd zit, nog meer konden uitdagen. Ik had al vroeg contact met de leverancier van deze bril en toen hebben we dit direct opgepakt."
"Die bril blindeert een of beide ogen even", leit Oosterhof út. "Je traint zo je ogen in feite om vroegtijdig de baan van de bal in te schatten. Dat lezen is bij volleybal van cruciaal belang."
As ik dy bril ôfset, dan bin ik hielendal wurch.
VC Snits-spylster Janieke Popma
Janieke Popma fan VC Snits mei de spesjale bril op © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Popma, de spylster mei de bril op yn de training, fertelt hoe't it foar har is: "It knipperet. Dêrtroch is it muoilik yn te skatten wêr't de bal komt en wêr't ik de bal hinne passe moat." Oft it helpt, dat wit se noch net: "It is hielendal nij foar my en foar de hiele klup. It kostet in soad enerzjy. As ik dy bril ôfset, dan bin ik hielendal wurch."
Paul Oosterhof en Janieke Popma
De leveransier fan de bril, Olly Satoer, wie woansdei by de training fan VC Snits. "Dat is voor mij ook heel leuk", seit Oosterhof. "Want daar leer ik ook weer van." Satoer: "Je kunt meten hoe goed de reactiesnelheid van iemand is. Eerst moet je weten wat de sterke en zwakke punten zijn. Het apparaat geeft dan aan hoe je die zwakke punten moet trainen."
Olly Satoer

Topsport yn Amearika

Yn it Nederlânske follybaljen is it systeem nij, mar yn oare sporten wurdt it al langer brûkt. Bygelyks yn it fuotbaljen, mar benammen yn Amearika, wêr't it systeem ek weikomt. Oosterhof: "Daar werken de echte topsporters ermee. Basketballers, honkballers, American football. Daar had ik al eens filmpjes van gezien, dus ik dacht: hier kunnen wij ook wel iets mee."