Museum Ald Slot Wergea 'mei pine yn it hert' yn de ferkeap

05 des 2018 - 21:58

Mear as 35 jier hawwe se eigener west fan it monumintale gebou yn Wergea, mar no ferkeapje Dolf en Trijntje Dijkstra dochs echt harren museum. Yn 1990 kochten se it gebou as opknapprojekt. De styl wie sa moai en âld dat se der in museum fan makke hawwe. Se wenje der al fyftjin jier net mear, mar it museum is oant no bestean bleaun. Dolf en Trijntje binne beide 83. Se ferkeapje mei pine yn it hert harren 'út de hân rûne hobby', sa't se it sels neame.

Foto: Omrop Fryslân - Jantine Stoffers

Learprojekt foar de ambachtsskoalle

Doe't de Dijkstra's it hûs 35 jier ferlyn kochten, wie it net de bedoeling der in museum fan te meitsjen. "It hûs rêde en de jonges wat leare wie de bedoeling", seit Trijntje Dijkstra. "Ik wie learaar op de ambachtsskoalle", fertelt Dolf Dijkstra. "It wie neat oars as ynterieurkes tekenje en sa. Dêr leare se gjin bal fan. Oft ik dan gjin bettere ideeën hie. Jawol, sei ik. Doe haw ik der in projekt foar de ambachtsskoalle fan makke. Alle wiken kamen de jonges hjir om praktyklessen te krijen."

"Alles wat hjir stiet, hawwe wy sammele", ferfolget Trijntje. "We hawwe ek in soad guod krige, want de minsken wisten ús wol te finen. No moatte wy it opromje. Wat en hoe, dat witte wy noch net. Dat hinget fan de keaper of de nije behearder ôf."

Foto: Omrop Fryslân - Jantine Stoffers

Bloed, swit en triennen

De eigeners ferkeapje it Ald Slot, omdat se al yn de 80 binne. "En de bern hawwe der gjin belang by." "Net elkenien kin it keapje. It moat wol in leafhawwer weze", seit Trijtje. "Wy hoopje dat it ien is dy't der goed op past. Hy of sy hoecht net itselde te dwaan as wy, as se mar op it hûs passe, want it hat ús bloed, swit en triennen koste om it safier te krijen."

Foto: Omrop Fryslân - Jantine Stoffers

Boek oer Ald Slot

Foar wa't it noch sjen wol: Besikers kinne op 15 desimber tusken healwei alven en trije oere middeis noch ien kear delkomme om de stylkeamers te besjen en de âlde eigeners de hân te drukken. Op dy dei ferskynt der ek in boek oer it Popma Gasthûs yn it Ald Slot. Dolf Dijkstra wie jierrenlang foarsitter fan de stichting Popma Gasthûs. Hy kriget it earste eksimplaar fan it boek.

De dagen dêrnei wurdt it museum oprêden en komme noch der in pear ferkeapdagen. De earste dêrfan stiet foar twadde krystdei op it programma. Takom maitiid giet it gebou yn de ferkeap.

Ferslachjouwer Jantine Stoffers is by de Dijkstra's yn it Ald Slot

Foto: Omrop Fryslân - Jantine Stoffers
Trefwurden: 
museum Wergea Ald Slot
(advertinsje)