Waadhoeke en DDFK-gemeenten ûndertekenje ôfspraken oer wenjen
Gemeente Waadhoeke en de fjouwer DDFK-gemeenten (Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân c.a.) hawwe woansdei saneamde prestaasjeôfspraken tekene. Dat binne jierlikse ôfspraken tusken de gemeenten en wenningkorporaasjes.
Yn Waadhoeke binne twa wenningkorporaasjes en twa hierdersorganisaasjes aktyf. Alle partijen binne no mei-inoar ta prestaasjeôfspraken kommen foar 2019. Dy ôfspraken gean ûnder oare oer betelberens, beskikberens, leefberens en it ferduorsumjen fan wenningen.
De DDFK-gemeenten hawwe oer deselde ûnderwerpen ôfspraken makke mei de wenningkorporaasjes en de hierdersferiening dêr. Alle partijen moatte in bydrage leverje oan it wurkjen oan de wenningmerk, sizze de bestjoerders dêr.
Op de lange termyn is foldwaande oanbod fan sosjalehierwenningen foar minsken mei in leech ynkommen in belangrike doelstelling yn de DDFK-gemeenten.