Ferkearsgaos op A7 by Drachten nei ûngelok mei fjouwer auto's

05 des 2018 - 18:00

Op de sneldyk A7 by Drachten is woansdei oan de ein fan de middei in grutte ferkearsgaos ûntstien. De oanlieding wie in ûngelok dêr't fjouwer auto's by belutsen wiene. Yn de rjochting fan It Hearrenfean nei Grins ta stie it ferkear dêrom stil. Yntusken is de dyk wer frijjûn.

Foto: SR Fotografie

It ûngelok wie op de hichte fan Drachtsterkompenije. Letter wie der ek in ûngelok op it klaverblêd. Dêrtroch stie it ferkear ek op de N31 stil.

Trefwurden: 
ûngelok A7
(advertinsje)