Jopie Huisman Museum yn Warkum krijt nije direkteur; hoe sjocht ôfgeande direkteur werom?

05 des 2018 - 17:54

Zwier Kroese, direkteur fan it Jopie Huisman Museum yn Workum nimt takom wike op 13 desimber ôfskie. Hy sil it museum bot misse. "Ik ben hier als interim-directeur terecht gekomen en ben nota bene acht jaar gebleven! Zo leuk vond ik het", seit Kroese.

Syn opfolger is Peter Miedema, in ûndernimmer út Drylts. Op 1 jannewars begjint er mei syn nije baan.

Hoe sjocht Kroese werom op syn tiid as direkteur? En is it dreech om in museum relevant te hâlden foar it publyk as al it wurk fan de keunstner bekend is? Yn Fryslân Hjoed sjogge de beide direkteuren werom en foarút.

Jopie Huisman Museum

Yn 1993 waard it Jopie Huisman Museum iepene yn Warkum. Mar dat wie eins it twadde museum fan de skilder. It earste museum wie al yn 1986 iepene troch in inisjatyf fan de Freonen fan Jopie. Hy woe sels net mear eksposearje neidat trije fan syn wurken stellen wienen by in eksposysje yn it Brabânske Nuenen. Mar syn wurken wiene te wichtich om net tentoan te stellen, fûnen de Freonen.

It monumintale Sleeswijckhuys wie al gau te lyts en koe de besikersoantallen net oan. Yn 1992 dêrom it hjoeddeistige museum boud.

Jopie Huisman - Foto: Omrop Fryslân

Fan bank nei museum

Kroese hat in moaie tiid hân by it museum. "Ik heb met zoveel leuke mensen samengewerkt, Syb van der Ploeg, Foppe de Haan, Freark Smink, heel andere mensen als daarvoor." It wie wol in hiele feroaring doe't Kroese syn wurk foar banken as Lanschot en de Friesland Bank ynruile om as direkteur fan in museum oan de slach te gean.

"Ik vind dat bankmannen allemaal een tijdje in de kunst- en cultuursector zouden moeten werken. Ik zeg altijd: ratio brengt je van A naar B, creatie brengt je overal."

Nije útdaging

Ek no fynt Kroese dat it tiid wurdt foar in nije útdaging. "Ik verander eigenlijk altijd na vijf jaar van baan. Ik wil voorkomen dat ik werk vanuit een routine, daarom is het nu tijd voor vers bloed."

Kroese bliuwt wol wurkjen yn de kultuersektor. Hy jout advys oan it Anton Pieck museum yn Hattem en foar de Hotse de Roos stichting. "Maar ik wil ook gewoon meer fietsen en varen. Ik ben 68 jaar oud. Het is nu wel tijd voor wat meer vrije tijd."

Ik zeg altijd: ratio brengt je van A naar B, creatie brengt je overal.

Zwier Kroese, direkteur Jopie Huisman Museum

Net allinnich in skilder

Dit jier hat it Jopie Huismanmuseum 42.000 besikers hân, in absolút topjier seit Zwier. Mar it museum moat wol altyd wat nijs betinke om de besiker fan hjoed-de-dei te ferrassen. "Mensen verwachten altijd meer. Er is veel geld en menskracht nodig voor goede tentoonstellingen. Het is altijd weer een zoektocht naar een verrassende tentoonstelling", seit Zwier.

Foar Peter Miedema leit hjir in útdaging, mar dat sjocht hy wol goedkommen. "Jopie was niet alleen maar een schilder. Hij had mooie uitspraken en levensopvattingen blijven relevant", seit Miedema. "Neem zijn visie op milieu: 'Ga voorzichtig om met wat je hebt'. Daar kun je tegenwoordig heel veel mee doen. Jopie was zijn tijd voorbij."

'Geschenk uit de hemel'

Miedema wol dêrom ek mei dizze fizy fan Jopie fierder. "We gaan het museum klimaatneutraal maken. Daar ga ik me vooral in 2019 op richten."

Dêrneist stiet ek de nije tentoanstelling 'Geschenk uit de hemel' op de planning foar febrewaris. Jopie skildere syn âlden faak en neamde se 'een geschenk uit de hemel'.

Yn it museum hinget in portret fan syn heit. Jopie sei dêroer: 'Geen enkele andere kunstenaar heeft zijn vader zo mooi geschilderd als ik.' Miedema: "In de tentoonstelling komen kunstwerken van ouders van andere kunstenaars. Natascha Bennink, Hendrik Elings, Douwe Elias en Sjoerd de Vries. Het is heel bijzonder en ontroerend."

(advertinsje)