Neiboud kariljon Drachten yn miniatuer yn museum te sjen

05 des 2018 - 17:33

In miniatuer fan it kariljon fan Drachten is woansdei ûntbleate yn it legomuseum yn Gruttegast yn Grinslân. It kariljon is yn legostientsjes neiboud troch Benno Post. De Drachtster is ien fan de acht leden fan de bouklup fan it museum en hy woe ek wolris wat bouwe wat út Drachten kaam.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

It kariljon is net it iennige Fryske yn it museum. It planetarium yn it lyts, de Ljouwerter Waach, in rychje huzen yn Dokkum en in Fryske pleats binne dêr ek te sjen. De Waach fan Ljouwert hat Post ek neiboud. Dy wie dreger te meitsjen as it kariljon, fertelt Post.

Post hat it kariljon yn Drachten earst opmetten en op skaal globaal neiboud. Foar de miniatuerútfiering hat er gebrûk makke fan normaal lego yn kombinaasje mei technysk lego. Alle blokjes moasten ek de goede kleur hawwe, want fervjen is der net by. Post hat der trije moanne mei dwaande west.

"Heel vaak in elkaar gezet, weer uit elkaar gehaald en uiteindelijk is dit het resultaat geworden."

Miniatuerbouwer Benno Post fan it Drachtster kariljon

It museum leit flakby de Fryske grins en kriget likefolle Grinslanners as Friezen op besite, fertelt Henk Roede fan it museum. Miskien noch wol mear Friezen, seit er.

Foar de bou fan it kariljon hat it museum in lytse finansjele stipe hân fan de gemeente Smellingerlân. fertelt Roede fierder. "We bouwen het als hobby, maar de steentjes zelf moeten we natuurlijk wel aanschaffen. Losse steentjes zijn duurder dan in setje.

It museum is no hast trije jier iepen. Se sitte yn it âlde gebou fan Lego Nederland, dat yn 1998 leech kaam. Doe koene se in lyts part hiere, mar in oare hierder gie derút en sûnt dy tiid sit der ek in museum yn oer de Twadde Wrâldoarloch, it Victory Museum. Der stiet sels in tank en in fleantúch. Der is ek noch in musuemdrukkerij. It museum neamt himsels it legiomuseum, oars komme se yn de problemen mei Lego.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Willem de Vries praat me Henk Roede fan it miniatuermuseum

(advertinsje)