De Prikkedaam besiket by Raad van State fan twangsom ôf te kommen

Motorsportferiening De Prikkedaam yn Makkingea hat woansdei by de Raad van State yn Den Haag besocht in twangsom fan de gemeente Eaststellingwerf ôf te kommen. It giet om in twangsom dy't oprinne kin nei 10.000 euro.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De crossferiening moat dêr yntusken 2.000 euro fan betelje, omdat omjouwingstsjinst Fumo konstatearre hat dat der op de baan mear leven makke is as tastien is. De Prikkedaam fynt dat der net goed metten is. De Fumo soe op it ferkearde plak stien hawwe en dat soe ynfloed hân hawwe op it resultaat. De gemeente seit just dat der wol goed metten is.
In pear yn de buert fan de crossbaan fiert al jierren prosedueres tsjin de Prikkeaam. It stel stapte earder dizze wike ek al nei de Raad van State, omdat de gemeente noch gjin bestimmingsplan makke hat foar it crossterrein.
De útspraken yn beide saken folgje oer in pear wiken.