Nij loket De Alliantie moat Ljouwerters soarch biede

05 des 2018 - 16:51

Ljouwerters mei grutte skulden dy't help nedich hawwe om dy op te lossen kinne yn de takomst by ien loket telâne om tal fan problemen op te lossen. Dat jildt ek foar jongeren mei problemen en minsken dy't in berop dogge op de WMO. Dat loket hyt de De Alliantie. Dêryn sitte organisaasjes en ynstellingen dy't bygelyks helpe by skuldhelpferliening of jeugdsoarch. Sy wurkje yn dy saneamde Alliantie gear om ynwenners fan de gemeente help te bieden.

Beurs - Foto: Shutterstock.com

De Alliantie moat derfoar soargje dat je minder lêst ha fan ûnnedige administraasje. Ek moat de help folle better organisearre wêze as no. Wethâlder Herwil van Gelder: "Nu is het zo dat je bij een zorgaanvraag een aantal uren krijgt, een beschikking. Waar we naar toe willen is dat je zonder zo'n beschikking en alle administratieve rompslomp de goede hulp krijgt."

Sûnt 2014 is Ljouwert al dwaande mei it feroarjen fan de soarch. Yn dat jier krigen de gemeenten fan it Ryk de ferantwurdlikens oer de WMO, de skuldhelpferliening en de jeugdsoarch. Gemeenten moasten it dwaan mei legere budzjetten en dus ek foars besunigje.

Mear ynsette op previnsje

Yn Ljouwert giet it om in bedrach fan 20 miljoen euro yn de ôfrûne trije jier. Dochs binne der noch hieltyd grutte tekoarten. Om dat oan te pakken wurdt it oanbieden fan de soarch no oars opset. Sa wurdt mear ynset op previnsje. Van Gelder: "Als je een probleem eerder herkent dan kun je in de toekomst kosten besparen."

De Alliantie wurdt foarme troch tal fan grutte oanbieders. Neffens Van Gelder betsjut dat net dat lytse soarchûndernimmers yn de takomst tusken wâl en skip falle. "We willen heel graag dat zij zich gaan opwerpen als onderaannemer en dus zorg gaan bieden voor de partijen binnen de Alliantie. Dat hoeft zeker niet ten koste te gaan van die kleine ondernemers."

Wethâlder Herwil van Gelder

(advertinsje)