Sven Kramer oer ferkiezing Sporter fan it Jier: "Hâld dermei op"

05 des 2018 - 16:32

Wat Sven Kramer oanbelanget wurde de ferkiezingen fan Sportman en Sportfrou fan it Jier ôfskaft. Dat sei er tsjin de NOS. Hy reagearret dêrmei op de krityk dy't ûntstien wie nei it bekendmeitsjen fan de nominaasjes fan dit jier.

Foto: ANP

Under de sân nominearren (trije manlju en fjouwer froulju) binne trije reedriders: Kjeld Nuis, Jorien ter Mors en de Fryske shorttrackster Suzanne Schulting. By it NOS-radioprogramma Langs de Lijn en Omstreken waard it reedriden omskreaun as in "C-sport en mondiaal een D-sport".

Kramer fynt fral dat it ferlykjen fan sporten net te dwaan is. "En kinst dy ôffreegje, en dat ha ik al faker dien, oft de opset fan it Sportgala net oars moat of sels hielendal net", sei de Fries. "As sporter is olympysk goud it heechst helbere. Dan hoech ik gjin Sportman fan it Jier mear te wurden. Dus tink ik: wat makket it út? Ik bin dochs olympysk kampioen."

"Hâld dermei op"

"Ik freegje my dan ôf: wat docht de Sporter fan it Jier der noch ta? Ast it oan my fregest, sis ik: hâld dermei op."

Fryske nominearren

Schulting is net de iennige Fries dy't dit jier kâns makket op de Jaap Eden Award. By de manlju is turner Epke Zonderland nominearre. Shorttrackcoach Jeroen Otter, dy't op It Hearrenfean wennet, makket ek kâns op in priis.

Kramer waard sels yn 2007 Sportman fan it Jier.

De winners wurde bekend makke op it Sportgala fan de NOS en NOC*NSF. Dat wurdt holden op woansdei 19 desimber.

(advertinsje)