Provinsje: "Pas lestiden oan dat learlingen bûten spitstiden reizgje kinne"

05 des 2018 - 16:19

Skoallen yn Fryslân soene de lestiden sa oanpasse moatte, dat learlingen bûten de spitstiden mei it iepenbier ferfier reizgje. Dat fynt de provinsje Fryslân. Deputearre Johannes Kramer hat der ek wol jild foar oer.

In bus fan Arriva op it bsstasjon yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Kramer folget it foarbyld fan de provinsje Grinslân. Dêr hat in selde soart projekt derfoar soarge dat yn de spitstiden fiif persint minder minsken mei de bus geane. Dêrtroch komt der mear romte foar oare passazjiers. De provinsje hat alle Fryske mbo- en hbo-skoallen oanskreaun, seit deputearre Kramer.

De provinsje ynvestearret de kommende jierren hûnderttûzenen euro's yn it iepenbier ferfier.

Deputearre Johannes Kramer

(advertinsje)
(advertinsje)