Bruno Rummler fynt it in eare om yn de Fryske Top 100 te kommen

Bruno Rummler wûn dit jier mei de band Stonecrobs mei it nûmer 'Yn frijheid kinsto libje' it festival Liet. Yn 2014 wûn er Liet ek al. Ek wie er it ôfrûne jier drok mei it earbetoan oan syn omke Doede Bleeker, de sjonger dy't earder dit jier ferstoarn is.
Bruno Rummler yn DMFF
De kâns dat er yn de Fryske Top 100 komt, is bêst wol grut. Mei twa ferskillende bands brocht er dit jier nûmers út. Neist Stonecrobs is dat mei de band Days To Image mei it nûmer Heechspanning. Ek it harkersliet dat er mei Judith Fledderus sjongt, komt geregeld foarby op de Fryske radio.
"Ik bin earlik sein net sa mei de Top 100 dwaande. Fyn it wol moai as ien tsjin my seit dat er op my stimd hat. Mar dit jier bin ik op de finale stimdei by de Omrop om diel te nimmen oan it belpanel."
"Ik fyn it super as muzyk wat mei minsken docht en as se myn muzyk faker hearre wolle. It is wol de grutste eare dy't je krije kinne ast yn de top 100 komst."

Doede Bleeker

Syn eigen nûmer 1 yn de Fryske oip 100 is it nûmer 'Kenstou ok dat gefoel' fan de earder dit jier ferstoarne muzikant Doede Bleeker. "Hy wie myn omke. Ik ha it nûmer op de begraffenis spile. Ik fyn it moai dat it nûmer einiget mei hoop."
Op Aldjiersdei stjoert Omrop Fryslân de Fryske Top 100 út, tusken 13.00 oere middeis en 24.00 oere.
© Omrop Fryslân