Martijn van der Laan traint mei by Harkemase Boys

Ferdigener Martijn van der Laan traint mei by Harkemase Boys. Tiisdeitejûn die er foar it earst mei. De 30-jierrige Van der Laan sit sûnder klup nei't syn kontrakt by Sportklup Cambuur ôfrûne simmer net ferlinge waard.
Martijn van der Laan mei Noureddine Boutzamar, dy't ek by Cambuur spile © www.orange-pictures.nl
Van der Laan traint oant de winterstop mei by de ploech fan Tieme Klompe. Dat docht er om yn kondysje te bliuwen en om wer yn in groep te trainen, wat er nei syn perioade by Cambuur net mear dien hie.
Njonken Cambuur spile Van der Laan yn it betelle fuotbal by FC Grins en SC Veendam.
Harkemase Boys stiet nei fjirtjin wedstriden op it fiifde plak yn de tredde difyzje.