Drokte by kleanferhierwinkels om Charles Dickens-festivals

It Charles Dickens-festival wurdt dit jier organisearre op 15 en 16 desimber, ûnder oare op De Lemmer en Ljouwert. By it festival geane in soad minsken ferklaaid yn de styl om 1800 hinne. In protte kostúmferhiersaken hawwe it grutste part fan de klean al ferhierd.
© Omrop Fryslân
Sa ek yn Grou. Eigener Femke van Heijnsbergen hat it der al moannen drok mei. "It is dit jier foar it earst yn Ljouwert, en in soad minsken wolle dizze klean hiere. Dêrom wiene de earste minsken der al yn septimber by."
Spesjaal foar de drokte hat Grou sa'n 25 kostúms by makke. "We wolle sa folle mooglik minsken foarsjen fan klean. Der wie in hiel koar dat yn Dickens-styl moast en wy fine it dan altyd wol aardich dat se in bytsje op inoar lykje. Wy hawwe doe in soad pakken by makke", seit Femke Heijnsbergen.
Ek by oare kostúmferhiersaken is net folle mear oer. Wa't noch klean foar it Dickens-festival ha wol, moat rap hannelje. "Miskien hawwe minsken thús noch in âlde rok of jas, en dy kinne je dan kombinearje mei in kap of skelk. As minsken noch wat hiere wolle, moatte se der gau by wêze", seit Femke Heijnsbergen.
Femke Heijnsbergen oer de Dickens-klean