Ljouwert is Fryske koprinner by lûdsoerlêst

05 des 2018 - 14:34

Ljouwert is yn Fryslân de gemeente dêr't it meast klage wurdt oer lûdsoerlêst. Dat docht bliken út sifers dy't de Volkskrant sammele hat. De krante hat in fergeliking makke op grûn fan it oantal meldingen op 1.000 ynwenners.

Foto: ANP

Ljouwert stiet dan oan kop mei 65 meldingen. De measte klachten geane oer oerlêst fan de buorlju. Lanlik docht bliken dat dat oantal klachten tanimt, omdat minsken mei psychyske problemen of in geastlike hendikep folle langer yn in gewoane wenning bliuwe.

Yn Fryslân nimme de Waadeilannen in bysûndere posysje yn, sa docht bliken út de sifers fan de Volkskrant. Op Flylân en Skylge wurdt in protte klage oer it lûd fan de hoareka. De measte klachten binne der yn de simmerjûnen en - nachten.

Fjoerwurk

Ein desimber is der in lytse pyk te sjen fan lûdsklachten. Dat komt troch it yllegaal ôfstekken fan fjoerwurk.

It leechste tal klachten is neffens De Volkskrant te finen yn Kollumerlân: 13,8 op 1.000 ynwenners.

Trefwurden: 
Ljouwert lûdsoerlêst
(Advertinsje)
(Advertinsje)