Op 'e nij fertochten yn saak-Arville feroardiele

05 des 2018 - 14:16

De rjochtbank hat woansdei op 'e nij twa fertochten feroardiele foar wytwaskjen en it ûntdûken fan belesting yn de saneamde Arville-saak. Yn 2017 krige de doe 50-jierrige haadfertochte út Ljouwert al 12 jier selstraf foar wytwaskjen, de hannel yn drugs en wapenbesit.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De earste fertochte dy't woansdei feroardiele is, hie hast 280.000 euro wytwosken. Hy stie ta dat twa oare dieders it jild ferstoppen yn in klûs ûnder de flier fan syn badkeamer. Hy wosk dêrneist in horloazje fan 3.000 euro wyt. De man moat in boete fan 13.000 euro betelje.

De twadde fertochte wosk 150.000 euro wyt en kocht mei kontant krimineel jild djoere sportauto's. De man krige in selstraf fan 15 moannen en moat dêrneist 35.000 euro oan de steat werom betelje.

Grutste ôfpakresultaat

De saak-Arville is it grutste ôfpakresultaat yn in wytwasksaak yn Noard-Nederlân oant no ta. By plysje-ynfallen yn trije plakken, Ljouwert, Assen en Gasteren, is yn maaie 2014 in bedrach fan 4,4 miljoen euro cash yn beslach naam. Fierders is beslach lein op in wenning, in loads, auto's en lúkseguod as klean en juwielen.

Twa oare fertochten yn de saak krigen earder al straffen oplein foar de ynfier fan in grutte partij kokaïne en wytwaskjen.

(advertinsje)
(advertinsje)