Grifformearde tsjerke yn Nes (D) wurdt in teäter

05 des 2018 - 13:57

Wat moatte je mei in âld tsjerkegebou, as dat foar de earetsjinst net mear nedich is? Dat is de grutte fraach yn in soad doarpen en stêden op 't heden. De kommende tsien jier sille nei skatting hûndert tsjerkegebouwen yn Fryslân harren funksje ferlieze.

Grifformearde tsjerke yn Nes (D) wurdt in teäter

It is faak dreech om in nije bestimming foar lege tsjerken te finen, mar yn Nes yn Dongeradiel is dêr in oplossing foar fûn. De eardere grifformearde tsjerke út 1925 fan Nes wurdt in teätertsjerke.

Dêr is wol jild foar nedich, mar de polityk komt oer de brêge mei subsydzje. Deputearre Johannes Kramer hat de beskikking woansdei ûnder de earm meinaam. De provinsje hat ûngefear 150.000 euro bydroegen.

Dêr is Anke Bijlsma, direkteur fan it teäter, hiel wiis mei. "Dêrmei kin de helte fan de ferbouwingskosten dutsen wurde."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Begraffenis en trouwerij

Al earder hie Nes it beslút naam om de tsjerke te ferkeapjen. Der kamen ferskate ideeën op. Ien woe it gebou brûke as ierappelloads, mar it wurdt dus in teäter.

It poadium en de ljochten binne der al. "We binne al sûnt de boufak dwaande. We dogge net inkeld kulturele eveneminten, mar ek sosjaal maatskiplike byienkomsten. Sûnt we hjir sitte, ha we al fjouwer begraffenissen hân, mar ik ha ek al in oanfraach krigen foar in trouwerij," leit Anke Bijlsma út.

Erfgoed bewarje

Neffens deputearre Kramer komme der twa tsjerken wyks frij yn Nederlân. As it om in monumintaal gebou giet, komt de Stichting Alde Fryske Tsjerken derby. "It erfgoed moatte we behâlde en it is moai dat der minsken mei ideeën binne dy't dat oppakke. Soks draacht by oan de leefberens op in doarp."

Takom wike sil Bijlsma proefdraaie mei de earste foarstelling. "Dan komt Piter Wilkens mei Soli Deo Gloria. Mar yn febrewaris geane we fol oan de bak."

Oargelspylster Johanna de Jong seit dat de measte Nessumers bliid binne mei de nije bestimming fan de tsjerke

Trefwurden: 
Nes tsjerke Teater
(Advertinsje)
(Advertinsje)