Ried fan de Fryske Beweging bringt 'De Nije' út, in folslein Frysktalich tydskrift
De Nije is in folslein Frysktalige glimmer (glossy). It nul-nûmer fan dit tydskrift wurdt útbrocht troch de Ried fan de Fryske Beweging. It leit fan moandei 10 desimber ôf yn de winkel.
De Nije is in algemien tydskrift foar in breed publyk mei ûnderwerpen dy't foar in grut part mei Fryslân te krijen ha, yn Fryslân spylje mar ek wer net altyd. Tink oan iepenbier ferfier, reedriden, de Waadsee, AquaZoo, enerzjy en nije boeken.
Dizze earste kear is de folsleine ynhâld fan De Nije makke troch frijwilligers op de opmaak en it printwurk nei. De Ried fan de Fryske Beweging hat foar dit nûmer ien kear subsydzje beskikber steld.
It is net dúdlik hoe't it yn 2019 mei De Nije komt. De takomst hinget foar in grut part ôf fan de ûntfangst fan dit nul-nûmer.
Ien fan de einredaktueren Aant Mulder tinkt dat der wol ferlet is fan sa'n tydskrift. "Mar dat kinne we pas fêststelle as dit nûmer útferkocht rekket fansels. Dat is dan in reden om troch te gean en troch de ferkeap komt der ek wer wat jild binnen."
De oplage is sa'n 2.500 à 3.000 eksimplaren.
De presintaasje is sneon 8 desimber by de Fedde Schurerlêzing yn Tresoar. It tydskrift kostet 4,95 euro.