Undersyk toant oan hoe bot de Waadsee mei plestik fersmoarge is

Foar it earst is ûndersocht hoefolle swalkôffal oft yn de Waadsee sit en wêr't it eins weikomt. Yn opdracht fan Rykswettersteat is it swalkôffal dit jier op trije lokaasjes ynventarisearre: de Suderdúntsjes by Rottumereach, It Gryn en de Steenplaat tusken Flylân en Texel.
Undersyk toant oan hoe bot de Waadsee fersmoarge is mei plestik
Der sitte grutte ferskillen tusken dy lokaasjes. Op It Gryn is it measte ôffal fûn, mei trochdat it by in drokke farrûte en tichtby Harns leit. Dêr waard ek in soad lytse stikjes plestik fûn.
It is langer bekend dat der in probleem mei plestik yn de Waadsee is, mar it ûndersyk nei plestik yn see beheinde him earder foaral ta de Noardseekust. Dêr wurde bygelyks in soad sigarettepeuken fûn, mar dy ûntbrekke hast folslein yn de Waadsee.
Boarnen fan it ôffal binne de skipfeart boppe de eilannen, it toerisme, it fêste lân sels en foar in part ek de fiskerij.
It ûndersyk wurdt útfierd troch Bureau Waardenburg yn 'e mande mei de Waddenunit. "Wy hawwe wol it idee dat de fiskers op it Waad der hiel goed omtinke wat oer board giet", seit Arjen Dijkstra fan de Waddenunit.
Undersikers Arjen Dijkstra fan de Waddenunit en Elisa Bravo Rebolledo fan Bureau Waardenburg. © Omrop Fryslân, Remco de Vries

Rapport

Wat opfalt, is dat der eins sa goed as gjin staasjejildflessen fûn wurde. Fleskes dêr't gjin staasjejild oer betelle wurdt, binne der genôch. De kommende tiid wurde alle gegevens besjoen om der in rapport fan te meitsjen.
Mei dat rapport kin Rykswettersteat sjen nei maatregels om it ôffal yn de Waadsee te beheinen. Mar eins soe der noch langer ûndersyk komme moatte, want ien jier is suver wat oan de koarte kant om ta in soad slutende konklúzjes te kommen.
De Steenplaat tusken Flylân en Texel. © Omrop Fryslân, Remco de Vries