It is 5 desimber: drokke dei foar Sinteklaas en syn helpers

05 des 2018 - 11:47

Sinteklaas moat op dizze 5 desimber fol oan de bak! By skoallen del, by minsken thús del en jûn oer it dak. Hy kin fansels net alles allinne dwaan, dus dêrom binne der tal fan helpsinteklazen. Yn it Sintfabryk yn Snits binne se dêr drok mei.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Yn it Sintfabryk rûgelje dizze 5 desimber tal fan Sinteklazen en Swarte Piten, dy't Sinteklaas helpe sille op dizze drokke dei.

"Het is een komen en gaan vandaag, maar zaterdag was het echt druk. dan komt Sinterklaas vooral bij voetbalverenigingen en bedrijven langs," fertelt direkteur Janet Hoekstra. Der binne dit jier minder Swarte Piten besteld. "Wij leveren geen roetveegpieten."

Ien fan de helpsinteklazen krijt de klean oan. "It fielt as fan âlds." Hy docht it no al in jier as sân. "It fielt elke kear goed, sels myn stim wurdt oars. Sint praat ommers mei in legere stim."

Arend de Blauw helpt mei de grime. Guon helpsinteklazen moatte wat âlder makke wurde. "Sint is al heel oud, soms moet je de rimpels erbij maken." Dat bart by in 22-jierrige helpsinteklaas. "Ja, ik ben er vroeg bij."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra is op it Sintfabryk yn Snits

Sinteklaas soe in besite oan de Julianaskoalle yn Snits bringe, mar hy lit op him wachtsje. Nei it lûd sjongen fan 'Zie ginds komt de stoomboot' komt er der gelokkich oan. Hy lei te sliepen...

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra wachtet mei de bern fan de Julianaskoalle yn Snits op Sinteklaas

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Hoe tinke Friezen oer it fieren fan Sinteklaas? Wy giene de strjitte op en hifken de mieningen.

(advertinsje)