Folsleine ynboel Aeolus Seisbierrum fia feilingwebside yn 'e ferkeap

05 des 2018 - 11:33

Boarterstastellen, de ballebak, treintsjes, replika's fan fjoertuorren en noch folle mear. Alles is te keap op de feiling fan it fallite boartersparadys Aeolus yn Seisbierrum. Dy online feiling by Troostwijk Veilingen is tongersdei begûn en duorret oant en mei 18 desimber. Op de 17e kin it guod besichtige wurde.

De glêzen pyramide fan Aeolus iepene yn 1987 de doarren as wynattraksjepark. Yn 1991 waard it in technysk sintrum foar de jeugd en yn 2002 in boartersparadys fan Ballorig.

De hege ûnderhâldskosten en weromrinnende besikersoantallen twongen Ballorig om mei yngong fan 1 novimber 2017 de doarren te sluten.

De replika fan de fjoertoer fan It Amelân yn Aeolus - Foto: Troostwijk
(advertinsje)