LTO wol oare rûte lânbouferkear Harns

08 nov 2011 - 14:51
Foto: Omrop Fryslân

LTO Noord fynt dat der in oare rûte komme moat foar it lânbouferkear by Harns. De N31 giet folslein op 'e skeppe en dat betsjut dat lânbouweinen dêr net mear del kinne.

De gemeente hat de Kimswerderwei oanwiisd as alternative rûte. De Kimswerterwei giet troch it sintrum fan Harns en neffens LTO Noord soarget dat foar gefaarlike situaasjes, foaral foar skoalgeande bern.

De Ludingawei nei Achlum en Arum is neffens LTO Noord in folle feiliger rûte. Dy giet by Harns lâns. As de dyk wat breder makke wurdt en in fytspaad krijt, is dat in grutte ferbettering fan de ferkearsfeiligens, seit LTO Noord.

Trefwurden: 
Harns lânbouferkear rûte LTO
(Advertinsje)
(Advertinsje)