Harns krijt priis foar grutste tal jonge dielnimmers by Tall Ships Races

05 des 2018 - 10:50

Harns is op de Tall Ships konferinsje yn it Spaanske Sevilla yn de prizen fallen. De Fryske stêd koe de Host Port Trophy mei nei hûs nimme. Dat is de priis fan Sail Training International, de organisaasje achter de Tall Ships Races, foar de stêd mei de measte dielnimmende trainees.

Foto: Omrop Fryslan

Harns wûn de priis ek yn 2014. Doe diene der 337 trainees mei. Harns set bewust yn op it mear belûken fan jongerein by de Tall Ships Races. Mei it programma Sail Inzicht berikte de Stichting Harlingen Sail mear as 1800 jongeren.

De gemeente Harns stelde him yn Sevilla kandidaat foar it organisearjen fan de Tall Ships yn 2022. As dat trochgiet, hopet de gemeente opnij in soad trainees meifarre te litten.

(advertinsje)
(advertinsje)