Kollum: "We witte it net"

05 des 2018 - 07:52

"Der binne twa plannen om in nij hotel te bouwen yn Hearrenfean. Dy plannen binne fan ien famylje. Net sa'n hiel ienriedige famylje. De iene ploech wol in grut hotel yn Skoatterwâld by de ôfslach Oranjewâld lâns de Rykswei ha. De oaren wolle in dependânse fan Van der Valk yn Wolvegea by it Abe Lenstrastadion. Van der Valk is yndied de namme fan dy net sa ienriedige famylje.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

It is te hoopjen dat de riedsleden fan Hearrenfean yn jannewaris it iene hotel net tsjin it oare ôfwage sille. Dan wurde je partij yn dat famyljegedoch. Dat kin in ried him net permittearje. Dus ried, gewoan de foars en tsjins fan in hotel yn Skoatterwâld beprate. Lykas dat hotel by it Abe Lenstrastadion beoardielje. Alles apart. Inkeld nei de bestimmingsplannen sjen. No ja, en dan moat noch ien, fan it CDA tink, efkes sizze, dat ien hotel wol nei Dokkum kin. Dêr ha se ferlet fan sliepplakken.

Plan Skoatterwald is bekend, yn de mienskip is it tsjinlûd sterk. Oer it sporthotel ha 'k nimmen heard, mar dat idee is al âld. Dat wie doe't Tjisse Wallendal noch direkteur fan Sportstad Hearrenfean wie. Hy woe njonken it Abe Lenstrastadion Thialf ha, mei twa banen. Hy woe in hûs mei firtuele sporten ha, dat je sels fiele dat je fierljeppe en yn de feart donderje en sa. En hy woe in sporthotel. De gemeente tocht al oan it ôfbrekken fan alles wat tusken it Kuperusplein en it Abe Lenstra stiet. It is úteinlik net trochgien. De ambysje wie tsjokker as de jildponge.

Sportstad Hearrenfean wie oarspronklik fan de gemeente, de fuotbalklup en soarchfersekerder De Friesland. Ik tink dat de oandielen ferdield wiene yn 50% gemeente, 40% de SC en 10% de Friesland. De lêste is der no út, dus it sil no 55/45 wêze. Sportstad hat njonken in tal moaie sportfoarsjennings ek it Abe Lenstrastadion. Dat hiert de SC dan wer, eins dus fan himsels. Dêrom koe dat ek wol in miljoentsje leger in jier lyn.

Dy fuotbalklup moast op in stuit in nije haadsponsor ha. De mannen dy't ko-sponsor wurde soene, mochten foar in pear sinten mear ek wol haadsponsor wurde. GroenLeven. Doe skynt ôfpraat te wêzen dat Abe Lenstra allegear sinnepanielen op syn dak krije soe. En dat GroenLeven dy leverje soe.

Dan tink ik, dat soe teminsten normaal wêze, dat de fuotbalklup dat op de oandielhâldersgearkomste fan de Sportstad ynbringt. Dat dy dan ja seit en dan kin sa'n ôfspraak neikaam wurde. Dat skynt net sa te wêzen. Sportstad seit dat de fuotbalklup fan alles wolle kin, mar direkteur Bleeker hat noch fjouwer oare bedriuwen oanskreaun foar in oanbesteging fan sinnepanielen.

No is Sportstaddirekteur Rinse Bleeker neffens my oansteld om út te fieren wat de oandielhâlders, gemeente en de fuotbalklup, wolle. Lykas yn elk oar normaal bedriuw. Mar hy hat wat oars dien as wat yn de ôfspraak mei GroenLeven stie.

Wat is hjir oan de hân?

Hat de fuotbalklup dy ôfspraak mei GroenLeven wol ynbrocht yn de oandielhâldersgearkomste? We witte it net.

Miskien wol. It kin dan wêze dat de gemeente, dy't wat mear oandielen hat, de fuotbalklup oan de kant skood hat. Dat soe op syn minst frjemd wêze. Ik soe my foarstelle kinne dat in gemeente graach wol dat in eigen Hearrenfeans bedriuw sinnepanielen op Abe Lenstra delleit. Mar miskien hat dy gemeente wol oare tinzen. Miskien binne der ek wol mear Hearrenfeanse bedriuwen op de sinnepanielemerk. We witte it net.

Of soe GroenLeven tefolle freegje foar dy pleatsing. We witte it net.

It is net foar te stellen, mar hat Rinse Bleeker de oandielhâlders de lêste moannen oan de kant skood en is no folslein baas oer ûnder oare it stadion. We witte it net.

Of hat SC Hearrenfean dat miljoentsje koarting wol krigen op de hier, yn ruil foar dat se neat mear te sizzen ha oer wat der mei it stadion bart en dêrmei alle ôfspraken mei sponsoaren fuortdondere ha. We witte it net.

Sterker, kin Rinse Bleeker dêr keunstgers dellizze sûnder dat de fuotbalklup en wy der wat tsjin dwaan kinne? We witte it net.

We witte neat. Mar der sille in pear lju wêze dy't it wol witte."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)